Wilkens' súksesnûmer net op cd

13 sep 2000 - 14:27

Piter Wilkens syn 'It Paad Werom' komt net op cd út. De sjonger hat it nûmer mei it Noard Nederlânsk Orkest foar it fuotljocht brocht op slotkonsert fan Simmer 2000 yn it FEC te Ljouwert.

It NNO wol no net dat it op cd ferskynt, want de fergoeding doocht net. Yn 'e cao is fêstlein dat alle orkestleden in bepaald bedrach krije fan it nûmer. Der is in oanbod dien, mar dat is te leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)