Wilders stipet Aardema

21 jan 2011 - 20:43
  • Max Aardema hat de stipe fan Geert Wilders

Geert Wilders stipet de Fryske PVV-listlûker Max Aardema. Freed waard bekend dat Aardema yn 2001 as plysjeman in boeide arrestant slein hat. Hy krige fan de rjochter in boete fan 200 euro.

Yn in reaksje seit Wilders dat Aardema de saak op 'e tiid en earlik melden hat. It ynsidint is foar Wilders gjin reden om te twifeljen oan de kwaliteiten fan Aardema. Dy kin dêrom wat Wilders oanbelanget listlûker bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)