Wilders: REC is noch te kearen

21 feb 2011 - 15:53
  • Wilders yn Harns (foto: Omrop Fryslân)

De PVV tinkt de komst fan de REC-ôffaloven yn Harns noch keare te kinnen. Takom wike woansdei wurdt de oven yn gebrûk naam. PVV-lieder Geert Wilders tinkt dat lykwols noch tsjinhâlde te kinnen, as de partij in soad stemmen krijt by de kommende provinsjale ferkiezings.

Wilders wie moandei op ferkiezingskampanje by de oven. Neffens him is de oven oerstallich fanwege in tekoart oan ôffal yn Nederlân. Boppedat is it net sûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)