Wildeman skeint boufergunning

13 jun 2008 - 14:15
  • Hotel De Wildeman op 'e Lemmer

Lemsterlân docht oanjefte by de plysje tsjin de eigner fan hotel De Wildeman op 'e Lemmer, omdat dizze him net holden hat oan de boufergunning. Dy is ferliend foar fjouwer apparteminten, mar út kontrôle docht bliken dat der sân boud wurde. Ek foldogge inkelde apparteminten net oan it boubeslút.

In diel fan it gebou is al yn gebrûk nommen sûnder dat dit by de gemeente meld is. De gemeente hat de eigner no skriftlik frege om alle bouwurk fuortendaliks te staken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)