Wildeboer betellet gjin preemjes

10 sep 2004 - 09:50

Eigner Wildeboer fan slachterij Brada betellet gjin preemjes oan it produktskip foar fleis. Dat docht er al net sûnt er yn Ljouwert begûn is, wylst it wol ferplicht is.

Wildeboer wegert om't it produktskip mei in fermogen fan goed 60 miljoen euro, neat foar de boeren of de fleisyndustry docht. Brada hat no al in skuld fan goed 45.000 euro. Doarwarders binne wolkom by Brada. Wildeboer jout it jild leaver oan in fûns foar boeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)