Wildcard foar Sjinkie Knegt

20 okt 2014 - 15:35
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt hat in wildcard krigen fan de KNSB foar de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City en Montreal. De Bantegeaster hat lêst fan in ynfeksje oan de termen en kaam dêrom dit wykein net yn aksje op de Invitation Cup op It Hearrenfean, dêr't tickets fertsjinne wurde koenen. Njonken Knegt sil ek Daan Breeuwsma fan Aldeboarn oan de start stean yn Salt Lake City en Montreal.

By de froulju komt Rianne de Vries fan Lúnbert yn aksje by beide wrâldbekerwedstriden. It 17-jierrige talint Suzanne Schulting fan De Tynje is troch de KNSB oanwiisd foar de wedstriid yn Montreal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)