Wildcard foar Lietfestival

21 apr 2011 - 10:24
  • Angeline Westra sit yn de Lietfinale op 4 juny

Foar it festival Liet binne wer fjouwer finalisten selektearre. Angeline, Anne Feenstra, Methusalem en it duo Grytsje Kingma en Rob du Jardin gean troch nei de finale. Dielnimmers dy't net selektearre binne, kinne noch in wildcard fertsjinje troch in poll op www.liet.nl.

De finale is op 4 juny yn Ljouwert. De 3 B's, Jan de Vries, Popkoor FromUs, Bigband Friesland, Lammertjan, Jelte en de Pingo's en Janna Eijer waarden earder al selektearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)