Wikseltrúk op twa plakken

01 nov 2008 - 12:37

De plysje op It Hearrenfean docht ûndersyk nei in wikseltrúk, dy't freedtemiddei plakfûn hat op It Gashoudersplein. In Feanster (76) waard frege om in euromunt te wikseljen foar lytser muntjild. Thús ûntduts it slachtoffer dat er in biljet fan fyftich euro kwyt wie.

Earder op de dei waard deselde wikseltrúk ek tapast op De Lemmer. De trúk slagge net. It giet om in man tusken de 20 en 25 jier, sa'n 1,60 meter grut en wat donkerder hûdskleur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)