Wikseltruc: Roemenen oanhâlden

19 jun 2007 - 10:08

Op de A6 by De Jouwer hat de plysje ôfrûne freed twa Roemenen fan 33 en 34 jier oanhâlden op fertinking fan stellerij. De twa sprutsen freedtemiddei yn Snits in ynwenner fan dy stêd oan. It duo frege de man oft er jild wikselje koe. Tidens it wikseljen stiel ien fan de fertochten jild út de beurs wei.

In tsjûge seach dêrnei de mannen fuortriden. Nei in syktocht koe de plysje harren op A6 oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)