Wikseljende start Bouwmeester

03 jul 2011 - 17:14
  • (Foto: Watersportverbond)

Lasersiler Roelof Bouwmeester fan Warten is snein yn Helsinki op it iepen Europeesk kampioenskip wikseljend útein set. Nei twa wedstriden stiet Bouwmeester op in 17e plak yn it klassemint. Syn earste race smiet in wat teloarstellend 15e plak op, mar de ynwenner fan Warten wûn syn twadde wedstriid.

It kampioenskip duorret noch oant en mei freed en de twa minste resultaten wurde út de útslach skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)