Wikseljend oerlêst stakings

11 okt 2003 - 00:00

De reizger hat sneon yn Fryslân wikseljend lêst hân fan de stakings yn it iepenbier ferfier. Neffens ferfiers- bedriuw Noordned binne yn de stân- plakken Snits, Balk en Ljouwert in pear ritten útfallen. Ut Dokkum en Minnerts- gea wei ha de bussen gewoan riden.

It oare busbedriuw yn Fryslân, Arriva, hat wat mear lêst fan de staking hân. Benammen op It Hearrenfean hiene in soad sjauffeurs it wurk dellein. Op de stasjons wie it rêstiger as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)