Wikselbeker H'fean poater

15 apr 2008 - 15:01
  • Alves wie dúdlik tige wiis mei de beker (foto's: Martin de Jong)
  • Ferline seizoen krige Afonso Alves de trofee mei nei hûs.

De wikselbeker dy't nei de wedstriid Hearrenfean-Excelsior troch de supportersferiening útrikt wurde sil oan 'e bêste spiler fan it seizoen is wei. Ferline seizoen krige Afonso Alves de trofee mei nei hûs.

Dat hat de Brazyljaanske topskoarer te letterlik naam. De kâns is grut dat de beker by Alves syn mem yn Belo Horizonte op 'e skoarstienmantel stiet. De supportersferiening docht der alles oan de beker werom te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)