Wiko's populêr yn Top 100

28 des 2013 - 15:31
  • Fryske Top100
  • Kobus Algra fan de Wiko's

Yn de nije Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân steane yn alle gefallen trije ferskes fan de Wiko's. De folsleine list, útsein de top 10, is sneon bekend makke. Op nûmer 67 stiet 'Hoantsje op 'e toer' fan De Wiko's, op nûmer 83 stiet 'Haadstel oan'e muorre' en 'Tussen 't Fliet en Swarte Haan' is op plak 99 einige. Tûzenen minsken hawwe de ôfrûne wiken har persoanlike top 5 ynstjoerd, der binne 35.000 stimmen útbrocht. Op basis fan al dy stimmen is de Fryske Top 100 gearstald. De list is op de webside www.frysketop100.nl te besjen.

It stimmingsorkest De Wiko's wie it ôfrûne jier folop yn it nijs doe't bekend waard dat frontman Kobus Algra slim siik is. It ôfskiedskonsert yn oktober yn Menaam wie gau útferkocht.

Op âldjiersdei wurdt de folsleine list fan de Fryske Top 100 bekend makke. Tusken 7.00 oere moarns en 18.00 oere jûns komme alle ferskes foarby op Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)