Wikileaks: Afganen net útset

14 des 2010 - 16:12

Afganen wurde op dit stuit Nederlân net útset mei tank oan Wikileaks. Neffens de klokliederside is it lân te gefaarlik om asylsikers werom te stjoeren. Wikileaks wurdt troch rjochters op dit stuit sjoen as in betroubere boarne, mear noch as de eigen ynformaasje fan it Ministearje fan Bûtenlanske Saken.

It Afgaanske famke Sahar dy't mei har famylje yn Sint Anne wennet, docht mooglik ek in berop op Wikileaks. Sahar is goed yntegrearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)