Wike fan de skiednis úteinset

29 okt 2005 - 15:28

Yn Ljouwert is sneontemoarn it startskot jûn foar de Wike fan de Skiednis. Yn it hiele lân wurde dizze wike aktiviteiten organisearre yn it ramt fan de skiednis. It tema foar dit jier is 'buren'.

Yn Ljouwert kinne minsken dizze wike ûnder mear meidwaan oan stedskuiers troch de ferskate wiken. Ek binne der iepen dagen by it histoarysk skip De Stânfries 10 en is de Aldehou te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)