Wiis mei stopsetten gaswinning

27 aug 2008 - 14:44
  • Gaswinlokaasje (argyf)

Boereorganisaasje LTO Noord is wiis mei it beslút de gaswinning yn Noardwest-Fryslân stil te lizzen. De organisaasje sjocht dêr in befestiging yn fan 'e twifels oer de mjitgegevens. It is de fraach hoe betrouber de mjitgegevens op oare gaswinlokaasjes binne, tinkt de LTO.

Boeren wolle net dat in gruttere grûndelgong as gefolch fan de gaswinning tastien wurdt. Sa'n ferromming is nedich foardat Vermilion wer gas boppe de grûn helje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)