Wiis mei berneboargemaster

11 jun 2010 - 09:54

Dongeradiel giet troch mei de berneboargemaster. Dat die tongersdei bliken yn de riedskommisje. De berneboargemaster wurdt sjoen as in ambassadeur foar bernesaken en is oanwêzich by bygelyks de yntocht fan Sinteklaas en op keninginnedei en befrijingsdei. Ek wurdt der omtinken jûn oan polityk op de basisskoallen.

It projekt fan de berneboargemaster is ferline jier fan start gien en hat mar 400 euro koste, wylst 4.000 euro begrutte wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)