"Wiis gemeenten op status Frysk"

20 feb 2006 - 12:51

De provinsje moat legere oerheden op 'e hichte bringe fan de Fryske taalrjochten. Dat seit de steatefraksje fan de FNP. De partij docht dat nei de wegering fan Smellingerlân om de Frysktalige kandidatelist fan de FNP Smellingerlân ta te stean.

Neffens de FNP bewiist de wegering dat in protte legere oerheden en amtners net witte hoe't it sit mei it Frysk. De provinsje soe dêrom in kampanje begjinne moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)