Wifi-pionier fynt KPN 'flau'

17 okt 2003 - 00:00

Alhoewol't der noch lang net genôch oanmeldings binne hat de KPN bewenners fan Oerterp en Beetstersweach meidield dat hjir dochs gau ADSL-ynternet oer de tillefoan komt. Neffens Rolf Edens fan Wireless Village docht de KPN dit omdat Oerterp en Beetstersweach dwaande binne mei it oanlizzen fan wifi-ynternet.

Edens fynt it 'flau' fan KPN om doarpen, dêr't earst neat mooglik wie, hastich oan te sluten op it stuit dat in konkurrint aktyf wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)