Wietplantaazje yn Harns oprôle

12 jun 2007 - 10:05

Yn de Riedstrjitte yn Harns hat de plysje moandeitemoarn in hennepkwekerij oantroffen mei 116 planten. Fierder die bliken dat de bewenner yllegaal stroom ôftape en yn it besit wie fan in oantal yllegale wapens. Ek hie de man munysje yn syn besit.

Alle planten, apparatuer en wapens binne yn beslach naam. De 33-jierrige bewenner wie net thús op it momint fan de ynfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)