Wieteke Cramer út VPZ-ploech

18 feb 2009 - 12:30
  • Foto: Martin de Jong

De reedrydploech fan VPZ ferlingt it kontrakt mei Wieteke_Cramer net. Dat rint op 1 april ôf. De ploech wol fierder mei minder allrounders en kiest foar Jorien_Voorhuis en Diane_Valkenburg. De 27-jierrige Cramer fan It Hearrenfean hat trije seizoenen foar it VPZ-team riden.

Dit jier wûn Cramer noch de lanlike wedstriden om de Kraantje_Lek en de Gruno_Bokaal. Yn 2001 waard se tred op it EK allround en yn 2004 ek tredde op it WK allround.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)