Wieteke Cramer nei DSB-ploech

08 maaie 2002 - 00:00

Reedrydster Wieteke Cramer fan De Lemmer sil kommend seizoen foar de DSB-ploech reedride. Woansdei ha de reedridersploech en Cramer oerienstimming berikt oer in jierkontrakt.

De 20-jierrige reedrydster hie foaral ferline jier in tige súksesfol seizoen. Op it Europeesk Kampioenskip foar froulju waard se tredde en op it NK allround wûn se de sulveren medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)