Wieteke Cramer bûten de prizen

11 jan 2004 - 00:00

Anni Friesinger is snein op It Hearrenfean foar de fjirde kear yn har karriêre Europeesk allround-kampioen wurden. Gretha Smit wûn snein de 5000 meter, mar Friesinger seach har liedende posysje yn it klassemint net mear yn gefaar kommen.

Claudia Pechstein ferovere sulver op it EK. Renate Groenewold wûn it brûns. Wieteke Cramer waard fjirde. Se ried de 5 kilometer yn 7.15,41 en waard dêrmei sechsde op dy ôfstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)