Wieteke Cramer 6e op 5000 meter

08 nov 2004 - 09:51

De suskes Smit ha by it NK ôfstannen yn Assen de titels op de twa langste ôfstannen ferdield. Gretha waard sneon earste op de 3000 meter. Snein wie har suster Jenita de sterkste op de 5000 meter yn in tiid fan 7.15,76. Gretha einige op dy ôfstân as twadde yn 7.18,85. It brûns wie foar Moniek Kleinsman. Har tiid wie 7.26,15.

Friezinne Wieteke Cramer waard sechde op de 5 kilometer yn in tiid fan 7.34,17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)