Wiete natuer te droech

13 des 2012 - 12:47
  • Natuergebiet De Rottige Meente yn Weststellingwerf

De wiete natuer yn Fryslân is te droech en it wetter dat der is, is net fan in goeie kwaliteit. Dat konkludearret Vogelbescherming Nederland yn in grut rapport oer dy wiete natuer yn hiel Nederlân. Op himsels binne it gjin nije problemen, mar hiel hurd liket it net te gean mei de oplossings foar dy problemen. Sa wurde Europeeske deadlines net helle as it om de wetterkwaliteit yn natuergebieten giet. Der sitte noch hieltyd tefolle stoffen yn it wetter dy't te krijen hawwe mei dong.

De ferdroeging fan de wiete natuer ûntstiet troch ôfstimming fan it wetterpeil op it agrarysk gebrûk fan de grûn om de natuergebieten hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)