Wiet sâlt tsjin glêde diken

29 nov 2011 - 20:59

Yn Súdwest-Fryslân wurdt yn de takomst mei wiet sâlt struid om de glêde diken tsjin te gean. Dat gebeurt kommende winter noch net, mar fan ein oar jier ôf. Earst moatte de struiauto's oanpast wurde.

Mei wiet sâlt kin sekuerder struid wurde, oer in grutter oerflak en mei hegere snelheid. Dizze winter nimt Súdwest-Fryslân wol al glêdheidsmjitpunten lâns de dyk yn gebrûk. Mei dy mjitpunten is fuortdaalk te sjen hoe kâld, wiet en sâlt in stik dyk is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)