Wiersma op Lijst Fortuyn

20 mrt 2002 - 00:00

Ald-wrâldkampioen damjen Harm Wiersma fan Goutum is de heechst pleatste Fries op de Lijst Fortuyn foar de Twadde Keamerferkiezings. De list sil tongersdei yn Rotterdam bekend makke wurde.

Wiersma stiet net by de earste tsien, mar wol op in ferkiesber plak, neffens de Fryske koördinator fan de Lijst Fortuyn. Yn ferskate peilingen stiet de Lijst Fortuyn no op sa'n 25 sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)