Wiersma mijt 'amateuristysk WK'

14 feb 2001 - 15:18

Dammer Harm Wiersma fan Goutum docht net mei oan it WK op 22 febrewaris yn Moskou. De seisfâldich wrâldkampioen kin him net fine yn 'e ûnprofesjonele opset fan it toernoai.

As foarbyld neamt Wiersma dat der noch gjin ôfspraken oer it prizejild binne. It toernoai is ek alris in kear útsteld. De oare nasjonale damtopper Ton Sijbrands hie him earder al weromlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)