Wiersma lûkt Leefbaar Leeuwarden

20 feb 2002 - 00:00

Harm Wiersma is de nije foarsitter fan Leefbaar Leeuwarden. De âld-dammer fan Goutum folget frou Reyenga op. Se wurdt fice-foarsitter. As de partij wint by de gemeenteriedsferkiezings stelt er him beskikber as wethâlder.

De âld-wrâldkampioen slút in karriêre yn de lanlike polityk net út. Hy sjocht himsels wol as opfolger Pim Fortuyn. Wiersma hat gjin politike ûnderfining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)