Wiersma dochs damkampioen

28 jun 2001 - 00:00

Harm Wiersma is dochs de nije Nederlânske damkampioen. Dat wie gjin reden foar in feest omdat de winner troch it lot oanwiisd waard. Yn de finale waard de partij tusken Wiersma en Hans Jansen tiisdei net beslist.

It Dambûn besleat dêrom de winner troch it lot oan te wizen. De Fryske dammer is it net iens mei de gong fan saken om't er net by it beslút belutsen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)