Wiersma damt wer offisjeel

30 mrt 2005 - 14:14

Ald-wrâldkampioen damjen Harm Wiersma út Goutum docht nei trije jier stilte wer mei oan in offisjele wedstryd. Wiersma is ein april dielnimmer oan it earste wrâldkampioenskip blyndamjen. Dat is in damwedstriid yn in romte sûnder damboerd en oare helpmiddels.

Oan it toernoai dogge ek in tal Russyske topdammers mei, wêrûnder Alexei Tsjizjov. Dy wie njoggen kear wrâldkampioen damjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)