Wierd Kuipers nei Flevo Boys

09 mrt 2007 - 12:15

Wierd Kuipers makket takom seizoen de oerstap fan Harkemase Boys nei Flevo Boys. De 37-jierrige Kuipers is dwaande mei syn achtste seizoen by de Boys, dêr't er fêste basisspiler is.

Flevo Boys-trainer Jan van Raalte, âld spiler fan Harkemase Boys, is tige wiis mei de komst fan de ferdigener. Kuipers moat by Flevo Boys soargje foar in goede balâns yn it alvetal en de jonge ferdigeners better meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)