Wiepke Schukken nei Wolvegea

09 jul 2008 - 16:39
  • Wiepke Schukken wer wethâlder

Wiepke_Schukken (61) fan Hilaard wurdt wethâlder fan Weststellingwerf. Hy is foar dy funksje foardroegen troch syn partij, it CDA. Schukken hat romme politike ûnderfining. Sa wie er 16 jier wethâlder yn Littenseradiel.

Schukken folget Albert_van_den_Berg op. Dy lei syn wethâlderspost begjin juny del. It polityk bedriuwen lei him net, sa fûn er. Schukken kaam nei de lêste riedsferkiezings bûten spul te stean yn Wommels, omdat de PvdA doe yn see gie mei de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)