Wieling: Gjin idee oer útkomst

08 feb 2012 - 16:42

Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening seit noch gjin idee te hawwen hoe't de gearkomste fan de rayonhaden woansdeitejûn útpakke sil. Wieling hat op dit stuit noch gjin goed byld fan de iisdiktes op de rûte.

Sels wie er woansdei opnij yn de Súdwesthoeke om dêr te sjen hoe't der wurke wurdt om de kwaliteit fan it iis te ferbetterjen. Dêr binne in soad minsken mei dwaande, mar úteinlik is de froast bepalend foar it trochgean fan de tocht.

Foar it trochgean is yn prinsipe oeral 15 sintimeter iis nedich, mar mochten der hjir en dêr útsûnderings fan 14 of 13 sintimeter wêze, dan soe dat gjin beheining hoege te wêzen, sa seit Wieling. Betingst is wol dat dat plakken wêze moatte dêr't de riders net stilstean. De rayonhaden komme woansdei om sân oere byelkoar om oer de iisdikte te praten. Nei ôfrin is der in parsekonferinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)