Wielepôle lilk op wenningbou

19 jul 2010 - 21:39
  • De wente oan de Kleine Wielenstraat

Bewenners fan de Ljouwerter wyk Wielepôle kreakje leechsteande wenten út protest tsjin it tawizingsbelied fan huzen. De wyk moat in echte folksbuert bliuwe, fine se. Bewenners en âld-bewenners moatte dêrom foarrang krije as in hierwente yn de wyk frijkomt.

Neffens de buertbewenners wurde lege huzen no te faak ferhierd oan minsken dy't der mar tydlik wenje en gjin bân mei de wyk hawwe. In hûs oan de Kleine Wielenstraat is tiisdei kreake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)