Wielenpôle yn Krystsfear

06 des 2007 - 16:26
  • De Wielenpôle yn Krystsfear

De Ljouwerter wyk De Wielenpôle is fan tongersdei ôf alhiel yn Krystsfear. Hast alle huzen binne fersierd mei lampkes, ljochtslangen, Krystmanlju en arresliden yn ljochtsjes. Wethâlder Sluiter iepenet de jûns om seis oere it Krystdoarp.

Besikers kinne in frijwillige donaasje dwaan oan it Wilhelmina Kankerfûns. De bewenners hawwe ek in eigen Kryst-cd opnaam. De opbringst dêrfan giet ek nei it kankerfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)