Wiel Award foar Dongeradiel

23 mrt 2004 - 00:00

Dongeradiel hat in priis krigen. Foar de nota 'In de Kijker' hat de gemeente de Wiel Award wûn. Dat is in moanlikse priis fan 'e ynternetside GemNet. Dat is in mienskiplik netwurk foar oerheden.

Gemeenten, provinsjes en wetterskippen kinne dêrfoar har stikken ynstjoere. De nota giet oer yntegraasjebelied en befettet neist algemiene útgongspunten ek gedrachskoades foar leden fan de ried, it kolleezje en amtners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)