Wiegel wol premier wurde

23 feb 2005 - 10:54

VVD-kopstik en âld-kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân Hans Wiegel tinkt oer in weromkear yn de lânlike polityk. Hy sjocht in weromkear as ien fan de mooglikheden nei de dea fan syn frou.

De eardere VVD-lieder seit dit yn in tv-programma fan Rik Felderhof dat tongersdei útstjoerd wurde sil. Wiegel ambieart in baan as premier, in funksje dy't hy noch net earder hân hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)