Wiegel wol mei Marijnissen prate

19 mrt 2004 - 00:00

Hans Wiegel wol mei Jan Marijnissen fan de Soasjalistyske Partij, de SP, om 'e tafel. As foarsitter fan de Plattelâns- alliânsje Fryslân, dy't opkomt foar de belangen fan ûnder oare sportfiskers, aaisikers en jagers, wol er de linkse polityk op oare tinzen bringe.

De linkse partijen binne foar in grut part ferantwurdlik foar de Flora en Faunawet. Dy wet is de Plattelâns- alliânsje min nei it sin. Wiegel sil Marijnissen per brief útnoegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)