Wichtige wedstriid Hearrenfean

02 maaie 2012 - 14:42

Foar SC Hearrenfean stiet der jûn yn de ien nei lêste ronde fan de kompetysje hiel wat op it spul. Yn de striid om Europeesk fuotbal nimme de Feansters it op tsjin FC Twente. Twente is de nûmer seis mei 60 punten, SC Hearrenfean hat op it fiifde plak ien punt mear.

By winst dogge de manlju fan Ron Jans noch mei om in plak yn de foarronde fan de Champions League. By ferlies driigje de play-offs om ien plakje yn de foarronde fan de Europa League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)