Wichtige oerwinning Harkiten

19 apr 2014 - 16:28
  • Willem Brouwer is optein mei de winst

Harkemase Boys pakte sneon wichtige punten mei de 4-3 winst op ACV. Op eigen fjild kopte Jordy van Wijk al betiid de iepeningstreffer binnen. De 1-0 waard ek de rêststân. Fuort nei it skoft kaam ACV op likense hichte. Robin Huisman de Jong werstelde de foarsprong mei in knappe frije traap. De lykmakker fan ACV waard ôfkard om bûtenspul, wêrnei't Klaas Schotanus foar ferromming soarge mei de 3-1. In kertier foar de ein makke Arton Musliu de 4-1 en wie de winst yn de knip. ACV kaam noch werom oant 4-3, mar fierder lieten de Boys it net komme.

De ploech fan trainer Willem Brouwer komt troch de winst op 44 punten út 24 wedstriden en makket it wer spannend boppeoan yn de sneonshaadklasse C. De ploech stiet fjirde, fjouwer punten achter koprinner Flevo Boys en mei ien punt minder as Genemuiden en ACV. Der moatte noch twa wedstriden spile wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)