Wichtige dei foar Piet Adema

13 apr 2013 - 10:29
  • Piet Adema

Ald-deputearre Piet Adema sjocht syn ferkiezing ta foarsitter fan de ChristenUnie mei fertrouwen temjitte. Yn Ede is sneon it partijkongres fan de ChristenUnie.

De partij stiet op it stuit bot yn de belangstelling om't it kabinet stipe nedich hat fan oare partijen om oan in mearderheid te kommen yn de Earste Keamer. Adema is foardroegen as foarsitter. Op it kongres stimme de leden sneon oer syn beneaming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)