Wichtich oerlis yn Sionsberg

13 jan 2012 - 11:48

De Sionsberg yn Dokkum hat freed besite dy't wichtich is foar de takomst fan it sikehûs. De Ynspeksje foar de Folkssûnens, trije Twadde Keamerleden, soarchfersekerder De Friesland en de provinsje binne dêr om te praten oer de takomst fan it sikehûs. Freedetemoarn wie der al oerlis tusken De Friesland en ûnder mear it aksjekomitee Red de Sionsberg.

It sikehûs moat guon ôfdielings slute om't de soarch net goed genôch wêze soe, neffens de Ynspeksje foar de Folkssûnens. Ien ien derfan is de ôfdieling akute soarch. Tsjin de sluting is in soad ferset yn Dokkum en omkriten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)