Wibrabrân net troch fjoerwurk

03 jan 2007 - 10:20

De brân by de Wibra op It Hearrenfean is nei alle gedachten troch in technysk mankemint ûntstien. De plysje slút út dat fjoerwurk de oarsaak is. De plysje hat noch in reinpiip trochseage om te sjen oft dêr fjoerwurk yn siet. Dat soe de iennige iepening yn it dak west ha.

De brân is achter yn de saak ûntstien, mar it is net mear te sizzen hoe. Alle doarren en ruten sieten ticht. De winkel gie by de brân folslein ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)