Wiarda-sportkompleks iepene

21 apr 2006 - 12:01

Mei it setten fan hantekens troch wethâlder Hafkamp en foarsitter Schuitema fan Blau-Wyt op in fuotbal is tongersdei it nagelnije Wiarda- sportkompleks yn Ljouwert iepene. It telt fjouwer fuotbalfjilden, twa keunstgersfjilden en in sporthal.

Nettsjinsteande tal fan beswieren fan omwenners en in boustop yn it briedseizoen liket alles op skema te lizzen. It kompleks kin lykwols pas op 1 augustus brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)