White Caps út kompetysje

13 jan 2012 - 14:47

De iishockeywedstriid Friesland Flyers-White Caps dy't freedtejûn spile wurde soe, giet net troch. De Belgyske klup út Turnhout hat him per direkt weromlutsen út de kompetysje. Reden dêrfoar is dat by in wedstryd ein novimber, fjouwer spilers ferwûne rekken. Neffens White Caps wie dat it gefolch fan in min optredende skiedsrjochter. In grut part fan de spilers is doe op syk gien nei in oare klup en White Caps mei fan it iishockeybûn fuortgiene spilers net ferfange.

De wedstriid tsjin de Flyers stie foar freedtejûn om 19.45 oere op it programma. White Caps is de regearend Belgysk kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)