"Wetterûndersyk earst besjen"

19 okt 2014 - 16:04

De gemeente Harns ferbynt noch gjin konklúzjes oan de melding dat it wetter yn de Yndustryhaven slim fersmoarge wêze soe. Ut ûndersyk fan de toksikolooch Van Arkenbout fan it buro Toxicowatch út Harns blykt dat it om in hormonale fersmoarging giet. De boarne is ûnbekend.

Neffens Van Arkenbout moat der fuortendaliks aksje ûndernaam wurde en dat bestjut yn alle gefallen ûndersyk nei de boarne. Wethâlder Hein Kuiken fan Harns wol earst de ûndersyksresultaten hawwe fan Van Arkenbout. Dan kinne saakkundigen fan bygelyks de GGD it hifkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)