Wettertoer Nes-Akkrum ferkocht

26 apr 2007 - 15:17
  • Wettertoer Akkrum is ferkocht
  • Utsjoch fan 'e wettertoer ôf

De wettertoer fan Nes by Akkrum is ferkocht. By de makelaar melden harren 22 gadingmakkers. De toer is ferkocht oan de heechste bieder. Wa't dat is en foar hoefolle de keaper de toer krekt kocht hat, wol de makelaar net sizze. It giet om in partikuliere ynvestearder. De priis leit yn alle gefallen boppe de 35.000 euro.

Yn Akkrum is ûnrêst oer de ferkeap fan 'e toer. Pleatslik Belang is benaud foar sloop fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)