Wettertoer Boalsert te keap

04 des 2006 - 11:46

Wetterbedriuw Vitens docht de wettertoer fan Boalsert yn 'e ferkeap. In nije kelder makket de toer aansen oerstallich. Der hawwe harren al minsken by Vitens melden foar de toer, wylst de ferkeap noch mar kwalik iepenbier makke is.

Ek de gemeente hat wol belangstelling, as it oan boargemaster en wethâlders leit. Se wolle foarkomme dat de toer in bestimming krijt dy't dêr net past of dat de toer sloopt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)