Wettertechnology yn SWF

08 mrt 2011 - 12:29

De gemeente Súdwest Fryslân wurdt de proeftún fan Nederlân as it giet om wettertechnology. Op de Ofslútdyk begjint ynkoarten in proef om enerzjy te heljen út swiet en sâlt wetter. Yn de jachthaven yn de Houkesleat komt in soart stofsûger dy't smoarch wetter út de tank fan jachtjes hellet.

By it Antonius sikehûs sille se besykje om baktearjes of oerbliuwsels fan medisinen út it ôffalwetter te filterjen. Foar it lêste projekt is in miljoen euro subsydzje beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)